Album Cover Ik Ha Dy Leaf

Ik Ha Dy Leaf

De Kast

4

ik wit net asto sist te wachtsjen

op in freonlik wurd fan my

as ik dy oprop in myn gedachten

dan wurd ik sa bliid fan dy

ik fiel it as ik dy foarby rin

as ik dy sjoch dyn stim wer hear

it sit in hundertûzen flinters

dy't swiet swefe troch myn lea

ik ha dy leaf myn hiele libben

't is folle mear as hâlden fan

't is krekt as asto in myn bloed sist

en ik kin der neat tsjin dwaan

dyn moaie eagen lykje marren

ik kin der sa in ûndergean

it is in bjusterbaarlik barren

ik krij it ek fan 't Hearrenfean

ik ha dy leaf, ik ha dy leaf

ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy

't binne mar fjouer lytse wurdsjes

en al makket ús dat soms wat bang

ik ha dy leaf

wol âlve stêden lang

ik fiel it moarns asto wer opstietst

ik sjoch it yn in simmerske bui

ik wurd al weak asto ris fourtgietst

yn myn allermoaiste trui

it is myn hân dy'st samar fêstpakst

as wy kuierje lâns de feart

it komt ek, en dat is no it frjemde

troch soms hast hielendal neat

ik ha dy leaf, ik ha dy leaf

ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy

't binne mar fjouer lytse wurdsjes

en al makket ús dat soms wat bang

ik ha dy leaf

fjirtjen blommencorso's lang

ik priuw it as ik dy in tút jou

of asto laakest út alle macht

ik sjoch it as der wer in stjer falt

nei it wyld vrijen yn 'e nacht

it is dy tinteling, dat bryske

en dêrom bisto fan my

as ik dy rinnen sjoch dan tink ik

God der giet in ingeltsje foarby

ik ha dy leaf, ik ha dy leaf

ik ha dy leaf, wat moat ik sunder dy

't binne mar fjouer lytse wurdsjes

en al makket us dat soms wat bang

ik ha dy leaf

twintich skutsjes lang

ik sjoch twa âlde minsken

hân in hân by de pc

it is ien fan myn grutste winsken

ik haw dy leaf, ek nei de AOW

ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy

't binne mar fjouer lytse wurdsjes

en al makket ús dat soms wat bang