Album Cover Eltse grins foarby

Eltse grins foarby

De Kast

3

It read beskynt de greide, de joun falt our de mar

Der steane se mei har beiden en hy sjocht noch ris nei har

Se stean foar harren hutte fan pôlen liem en reid

Syn hân leit op har skutte, hy wurdt mei koarten heit

It jier hast vyftjinhûnderd, feroare maatskappij

Se leie der net ûnder, se fiele harren frij

Der is faaks wol wat geande, hy moat soms op oorlogspaad

Mar wer se eins foar steane no, dat wurdt er nea gewaar

Dochs ha se neat te kloaien, en al hawe se gjin jild

It yten dat se krije is de rykdom fan it fjild

It jier hast vyftjinhûnderd, in nije heerschapij

Se bûge der net ûnder, se bliuwe altyd frij.

Refr.:

De sinne skynt al ieuwen oer ûs lân, bringt de iere moarn. Eltse dei opnij

De wyn hellet noch alle dagen oan, en giet fan lân nei lân. Eltse grinsfoarbij

It read beskynt it kampke, de jûn fâlt oer de stêd

boartet in lyts famke noch in skoftsje, aanst op bêd

se jeuzeld hunderd út, de taal dy't mem har bybrocht hat

har heit ropt troch it rút, dat se nei binnen komme moat

it jier no hast twatûzend, europa dat wurd nei

it famke sjongt en dounset, en laket dan nei my.

Refr.:

De sinne skynt al ieuwen oer ûs lân, bringt de iere moarn.

Eltse dei op nij

De sinne skynt al ieuwen oer ûs lân, bringt de iere moarn.

Eltse dei op nij

De wyn hellet noch alle dagen oan, en giet fan lân nei lân.

Eltse grins foarbij