Album Cover Wat ik bin

Wat ik bin

De Kast

6

Koest do net sjen, koest do net oan myn eagen sjen

Dat ik gjin fjoer meer yn my hie

Wêr wie de stim, wêr wie de stim dy 't tsjin my sei

Dat ik myn dream ferjitten wie

En de dagen gienen foarby en ik libbe mei de dei

want ik hoechde net te witten fan de moarn

Sa ticht by dy, myn hiele libben wie 'k by dy

Dochs wie dyn tinken fier fan my

'k Ha alles jûn, ik ha my oan it lot ferbûn

Wy gienen elts ús eigen wei

Mar by alles wat ik die, wat ik yn myn hannen hie

Feroarre blinkend goud yn inkeld sân

De dreamen dy't ik dreamde binnen mei de tiid ferflein

Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn 'e rein

Ik iepenje de finsters en ik fljoch sa fier 't ik kin

want ik kin no eindelik wêze wa't ik bin

Mar de jierren rekken wei, en de tiid dy naam ús mei,

en wy hoechden net te wachtsjen op 'e moarn