Album Cover Mal Mei Dy

Mal Mei Dy

De Kast

6

ik bring dy yn dyn bedsje de gerdinen haw ik sletten

dyn moaie eagen binne swier

it bearke op dyn kessen bist noch nea in dei fergetten

't is krekt as do al trije jier

moat altyd mei en at se wei is moat 'k har fine

wat bin ik mâl mei dy

it wie in moaie dei rûnst op dyn klompkes yn 'e blikke

in flinter dwarle by dy del

do woest har aaie mar do liest har samar skrikke

fan minsken wurde flinters kjel

do seachst har nei dou kaamst by my en hast my frege

wêr giet se hinne wêr 't oare flinters binne

wat bin ik mâl mei dy

en at it moarn is sil 'k dy alles wol fertelle

en asto grut bist bist do nea te grut for my

gean no mar sliepen en ast bang bist moast my roppe

ik sil dar wêze ast my ropst sil ik der wêze

wat bin ik mâl mei dy